Thaeke syn tinzen

Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl

Gjin neigesetsje?

Op snein is it tradysje dat wy op it wurk Sineesk iten bringe litte. Ik bin dêr fansels ien fan de grutste iters en dêrneist bin ik ek noch leafhawwer fan de Easterske keuken. De besoarchkosten hoege wy dan ek net faak te beteljen. De lêste tiid bestel ik gauris in Yndyske riistafel. Dat is miskien wol wat djoerder mar je ha dan in grut ferskaat oan iten en it is oe sa lekker. In lekker bakje hinnesop om mei te begjinnen, dan bami mei rendang, lekkere stikjes fleis, in pear hinnepoaten yn sambal en wat gado gado. As neigesetsje heart der dan noch in lyts bakje iis by te sitten. Dy wiene hja dizze kear fergetten. Ik makke my dêr nochal drok om fûn men, ik hie oars genôch te iten. No dat sil bêst mar ik haw betelle foar in neigesetsje, ik haw nocht oan in neigesetsje en soks wurdt my dan ek noch ûnthâlden. Ik haw noch mei de Sinees belle mar dy wie yn gesprek. Faaks wiene der mear minsken dy't harren neigesetsje net krigen hiene. Oare kear dan mar in sorbet der by as kompinsaasje. As neigesetsje dan mar in pakje pjiskeyoghurd...


19-11-2006 10:33:00



04-11-2010 20:55:00 || Hannes en Geartsje

Hoi Theake, Wy fregen 'us ^of.. Mooi stikje, mar wat is pjiskeyoghurd? Pjiske, wat is dat? It klinkt ek net echt lekker, it klinkt it bytsje as jiske. De kombinaasje tussen pis en jiske ofsa. Mar ja, d^u seist dat it lekker is, dus no binne wy wol hiel nijskjirrig. Groeten


05-11-2010 10:05:00 || Thaeke

pjisk is perzik.


Lit hjirûnder dyn reaksje efter:

Namme:
Eameladres:
Thússide:
Dyn kommintaar:
Thaeke Johannes Kuipers
Reklame (foar mysels)
De lêste kommintaren

This is a comment to the Thaeke syn tinzen admin.
19-03-2018 17:56:46
Ramona Jordan

This is a message to the Thaeke syn tinzen admin.
04-03-2018 17:44:09
Ramona Jordan

I came across your Thaeke syn tinzen website and w
03-03-2018 22:23:28
Ramona Jordan

I came to your Thaeke syn tinzen page and noticed
19-02-2018 20:17:55
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
13-02-2018 18:17:56
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
07-02-2018 20:23:26
Carla French

I am reaching out since we saw a link to your webs
01-02-2018 20:31:53
Carla French

Thaeke Johannes Kuipers
Buorren 29
9221 TB De Rottefalle

thaeke(at)thaeke.net
0512-341616
Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl