Thaeke syn tinzen

Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl

De Hobbit (yn it Frysk)

De HobbitFerline wike waard diel 1 presintearre fan de Fryske oersetting fan Master fan alle ringen (Lord ot the Rings) fan J.R.R. Tolkien. Dit boek wie oersetten troch Liuwe Westra. In oare âld Bernleffer, Anne Tjerk Popkema, hie earder al De Hobbit oersetten. Ik hie it noch net oan tiid hân om dat boek te keapjen mar ik koe no moai yn ien kear beide boeken oanskaffe en sinjearje litte. Thús kaam bin ik fuort begûn yn de Hobbit omdat dat fansels de foarrinner is fan de master fan alle ringen. Ik hie de Hobbit al yn it Ingelsk yn de kast stean en fansels hie ik dat boek ek al wol in kear lêzen en fansels is der neat moaiers as in boek te lêzen yn de taal fan de skriuwer sadat alle lytse wurdgrapkes en djippere lagen der noch yn sitte. Dochs is myn Ingelsk ek wer net fan dat nivo dat ik al dit soarte fan eigenaardigheden der út pikke soe. Ik haw my no dus yn it Frysk oan it lêzen setten en ik moat sizze dat gie dat it slydjage. Yn earste ynstânsje moast ik efkes wenne oan de namme Balsma (ynstee fan Baggins) en de frjemde wezens lykas Ierdmannen mar doe't ik ien kear op gong kaam haw ik it boek ek yn in pear dagen útlêzen. Ik moat wol sizze dat Anne Tjerk dit boek prachtich oersetten hat. At myn bern in pear jier âlder binne sil ik it se grif in kear foarlêze. No sil ik my talizze op diel 1, it selskip fan de ring fan Liuwe. Ik mei dêr hast fiif jier oer dwaan wol 'k leauwe want dan hat er diel 2 klear. Om mei de wurden fan Liuwe Westra te sprekken: 'Mear sokken'! Foar de leafhawwer fan Tolkien yn it Frysk haw ik de boeken fuort ek mar efkes te keap setten yn myn Fryske winkel. It giet hjir dan fansels om nije eksimplaren, myn eigen sinjearre boeken hâld ik lekker sels.


02-12-2011 16:10:05



Lit hjirûnder dyn reaksje efter:

Namme:
Eameladres:
Thússide:
Dyn kommintaar:
Thaeke Johannes Kuipers
Reklame (foar mysels)
De lêste kommintaren

This is a comment to the Thaeke syn tinzen admin.
19-03-2018 17:56:46
Ramona Jordan

This is a message to the Thaeke syn tinzen admin.
04-03-2018 17:44:09
Ramona Jordan

I came across your Thaeke syn tinzen website and w
03-03-2018 22:23:28
Ramona Jordan

I came to your Thaeke syn tinzen page and noticed
19-02-2018 20:17:55
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
13-02-2018 18:17:56
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
07-02-2018 20:23:26
Carla French

I am reaching out since we saw a link to your webs
01-02-2018 20:31:53
Carla French

Thaeke Johannes Kuipers
Buorren 29
9221 TB De Rottefalle

thaeke(at)thaeke.net
0512-341616
Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl