Thaeke syn tinzen

Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl

Flagje foar taal

Opiens hinget ús doarp, de Rottefalle, fol mei flachjes fan it keppelfeest fan de Ried fan de Fryske beweging. As oprjochte Fries soe ik fansels ek sa'n prachtige flagge yn myn spitigernôch dit jier net troch keatskrânsen omrâne flaggemêsthâlder stekke moatte. Dat hie fansels ek wol kinnen want de mooglikheid om my oan te melden wie der wol. Wêrom by dizze djipfries dan dochs in lege flaggemêsthâlder oan de muorre? Dat hat bynammen te krijen mei it stikje reklame foar de kulturele haadstêd dat der yn opnaam is. Kulturele haadstêd 2018 wol fan Fryslân de Europeeske haadstêd fan kultuer meitsje. No is dat op 'm sels noch wol in nijsgjirrige gedachte at je Fryslân alteast as in soarte fan 'rânestêd' besjogge. It is yn elk gefal in gebiet oan de râne fan Nederlân en Europa. At hiel Europa kennis meitsje meie soe mei ús Frysk kultuerguod dan soe ik my dêr noch bêst in bytsje yn fine kinne. Dat is allinnich net de bedoeling fan Fryslân 2018. Ik haw it idee wat krigen dat it de bedoeling is om yn 2018 fan Fryslân ien grut Oerolfestival te meitsjen. Yn de provinsje dêr't Tryater ynleverje moat en dêr't ús foar de kultuer hiel wichtige Omrop miljoenen ynleverje moat sil yn 2018 in soad kultuer ymportearre wurde moatte. Dêr is in flinke pot jild foar beskikber steld en sa kin op dit stuit elkenien dy't in idee hat meiliftsje op de sinteraasje fan de kulturele haadstêd dy't wy nei alle gedachten nea wurde sille. Ik krij hjir wer in bytsje it Fryslân 500 idee by en dan gean by my de jierren yn de nekke, en dat binne der noch al in pear, dochs wat oerrein stean. Fryslân 500 wie it feestje fan in hantsje fol bestjoerders ûnder lieding fan kommisaris Loek Hermans dat troch de Friezen kwalik droegen waard. Wol wiene der doe ek organisaasjes dy't brûk makken fan de potsjes mei jild fan dit foute feestje. Dat foute sil by Fryslân 2018 wat tafalle mar dochs wol ik net flagje foar taal at soks betsjut dat ik dêrmei ek reklame meitsje foar Fryslân 2018. Wy hiene de sinten dy't dêr no foar weismiten wurde better yn ús eigen kultuer stekke kinnen.


02-11-2011 15:32:59



Lit hjirûnder dyn reaksje efter:

Namme:
Eameladres:
Thússide:
Dyn kommintaar:
Thaeke Johannes Kuipers
Reklame (foar mysels)
De lêste kommintaren

This is a comment to the Thaeke syn tinzen admin.
19-03-2018 17:56:46
Ramona Jordan

This is a message to the Thaeke syn tinzen admin.
04-03-2018 17:44:09
Ramona Jordan

I came across your Thaeke syn tinzen website and w
03-03-2018 22:23:28
Ramona Jordan

I came to your Thaeke syn tinzen page and noticed
19-02-2018 20:17:55
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
13-02-2018 18:17:56
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
07-02-2018 20:23:26
Carla French

I am reaching out since we saw a link to your webs
01-02-2018 20:31:53
Carla French

Thaeke Johannes Kuipers
Buorren 29
9221 TB De Rottefalle

thaeke(at)thaeke.net
0512-341616
Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl