Thaeke syn tinzen

Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl

Blesseuretiid

Juster wie de earste wedstryd fan it Hearrenfean yn it nije seisoen. Elkenien wie der wer klear foar en dus moast NEC efkes oprolle wurde. De sfear yn it Nieuw Noord fak wie goed en der waard frij aardich fokaal oanmoedige. NEC krige in pear kânskes, wy krigen in pear kânskes mar al mei al hiene wy it gefoel dat it wol goed komme soe. Nei rêst wie it al gau de nûmer 22 fan NEC dy't fia fia ús nûmer 22 yn steat stelde om te skoaren. Doe't it net folle letter 2-0 waard wie it fansels hosanna. No wisten wy fansels wol dat it Hearrenfean faker mei 2-0 foarkomt en dan de wedstryd út hannen jout mar neat die bliken dat it hjoed ek sa wêze soe. Doe't NEC dochs op 2-1 kaam krigen de spilerkes fan it Hearrenfean it wer dreech. Wiedemeijer moast fansels ús aspiraasjes om oppenij de fair play priis te pakken ek noch efkes om sjippe helpe troch in reade kaart út te dielen oan Elm. Neffens guon wie dy kaart net terjochte, wy koene dat net sjen fanút Nieuw Noord en op tv haw ik it ek mist dat dêroer doar ik noch gjin útspraken te dwaan al hat de skieds wol in reputaasje fansels. Doe't wy, de 12e man, ynienen de 11e man wurde moasten gie der wat mis yn de omskeakeling. De kopkes by mannich Nieuw Noordlid giene hingjen, de reservekapo sette net mear oan en doe't de 2-2 foel stiene wy net mear as 1 man efter it Fean mar ik krige suver hast it idee dat der noch mar 1 man efter it Hearrenfean stie. At wy der mei ús allen efter stien gean soene wie der faaks noch wat mooglik mar ús ferwende publyk joech krityk op Ron Jans syn wikselbelied en de spilers krigen fan guon nei ôfrin sels noch in fluitkonsert mei. Dat sil se helpe om de kommende searje goed troch te kommen, bedankt minsken! O ja, foar de minsken dy't my net altyd like goed lykje te begripen, de titel fan dit ferhaal is gjin tikflater mar in wurdgrapke.

 

Boppesteande titel is gjin tikflater mar in wurdspiling.


07-08-2011 17:32:06



Lit hjirûnder dyn reaksje efter:

Namme:
Eameladres:
Thússide:
Dyn kommintaar:
Thaeke Johannes Kuipers
Reklame (foar mysels)
De lêste kommintaren

This is a comment to the Thaeke syn tinzen admin.
19-03-2018 17:56:46
Ramona Jordan

This is a message to the Thaeke syn tinzen admin.
04-03-2018 17:44:09
Ramona Jordan

I came across your Thaeke syn tinzen website and w
03-03-2018 22:23:28
Ramona Jordan

I came to your Thaeke syn tinzen page and noticed
19-02-2018 20:17:55
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
13-02-2018 18:17:56
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
07-02-2018 20:23:26
Carla French

I am reaching out since we saw a link to your webs
01-02-2018 20:31:53
Carla French

Thaeke Johannes Kuipers
Buorren 29
9221 TB De Rottefalle

thaeke(at)thaeke.net
0512-341616
Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl