Thaeke syn tinzen

Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl

Wanklanken fan in heale Leyenloop

Sneon haw ik fansels efkes by de cd presintaasje fan de Hûnekop west yn Burgum. Ik wie eins fan doel om op de fyts te gean mar omdat it noch al wat mear reinde as in pear geile drippen en omdat myn Russyske maten mei de auto by my wiene waard dochs fan dit plan ôfsjoen. Sa kamen wy fia in ferskaat oan lytse dykjes en omwegen yn de megagrutte mar gesellich oanklaaide sporthal fan Burgum. Jarretank stie al op it poadium en batste der wer goed yn dat de Russyske froulju wisten fuortdaalks wêr't sy oan ta wiene. Efkes letter mocht DJ Syb fan de Doelleazen ek noch efkes los gean en dêrnei brutsen de idiots mei Baba as sjonger de seal ôf. Yntusken koe ik noch efkes in wurdsje wikselje mei Marcel Smit en Martin van der Vlugt (âldsanger fan Jitiizer). Doe't de Hûnekop der yn batste gong it wer beesteftich mâl. De mouhimden fleagen troch de loft, sy waarden mei in kanon ôfsketten. Ek wie der in prachtige grutte opblaashûnekop wêrfan't it knyft mar net oerein stean bliuwe woe. Healwei de Hûnekop binne de Russen ôfsetten en omdat ik gjin nocht hie om in djoere taksy te nimmen bin ik lekker werom kuiere troch it moaie Tytsjerksteradiel. It wie teiwaar en myn mouhimd wie dweiltrochwiet. Dochs slagge it my en fyn de brêge oer it kanaal flot werom. Dat wie ien fan de wichtichste opstakels want je kinne it kanaal mar op in pear plakken oerstekke ommers. Doe moast ik by it stjonkfabryk lâns. Mei de auto is dat raamkes ticht, ynterne luchtfoarsjenning oan en gang hâlde mar raamkes en luchtfoarsjenning hie ik rinde net by my en gang hie ik ek net. Dan merke jo dochs dat dy namme stjonkfabryk net samar optocht is. Yn Eastermar stie de mem fan Doutzen my spitigernôch net op te wachtsjen. Dat wie yn 84 wol oars mar doe skynde it sintsje ek prachtich fansels. Al mei al haw ik der dik 2 oeren oer dien om thús te kommen mar doe hie ik ek wol in dikke 12 kilometer toffele. Machtich moai feestje hân en al wie ik noch sa wiet, ik haw it dochs noch mar in kear goed waarm oerdien ûnder de brûs.


19-07-2011 16:11:04



Lit hjirûnder dyn reaksje efter:

Namme:
Eameladres:
Thússide:
Dyn kommintaar:
Thaeke Johannes Kuipers
Reklame (foar mysels)
De lêste kommintaren

This is a comment to the Thaeke syn tinzen admin.
19-03-2018 17:56:46
Ramona Jordan

This is a message to the Thaeke syn tinzen admin.
04-03-2018 17:44:09
Ramona Jordan

I came across your Thaeke syn tinzen website and w
03-03-2018 22:23:28
Ramona Jordan

I came to your Thaeke syn tinzen page and noticed
19-02-2018 20:17:55
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
13-02-2018 18:17:56
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
07-02-2018 20:23:26
Carla French

I am reaching out since we saw a link to your webs
01-02-2018 20:31:53
Carla French

Thaeke Johannes Kuipers
Buorren 29
9221 TB De Rottefalle

thaeke(at)thaeke.net
0512-341616
Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl