Thaeke syn tinzen

Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl

3 kear niks

Justerjûn wie ik yn it Abe Lenstrastadion tsjûge fan wer ien fan de allerminste wedstriden út de skiednis fan de sportklup Hearrenfean. Dizze kear wie net allinnich ús klupke gjin stoer weard mar ek de trener bakte der neat fan en as klap op de fjoerpylk gie ek noch ús 12e man (de lêste 5 minuten de 11e man) efter de ploech fan SuperFries Geert Arend Roorda stean. De sfear wie al de hiele wedstryd net geweldich wylst publyksleafling Breuer ús al nei 1 minút op 1-0 sette. Doe't Bas Dost dêrnei de 2-0 makke like it in hiele ienfâldige oerwinning te wurden. Ek nei rêst koe Excelsior net al te folle dwaan. Pas yn it lêste kertier makke Geert de 2-1 en doe giene de kopkes fan de spilers hielendal hingjen. It publyk waard fijannich en doe't net folle letter ek noch de 2-2 foel gie der sels in gejuich op by de 2-3. It skeelde neat of Excelsior hie fan it folsleine stadion in applaus krigen. De kommende wedstryd mei ús ploechje it opnimme tsjin PSV dat ek wat goed te meitsjen hat. Dêrnei krije wy op freed de thúswedstryd tsjin Utert. At de rissultaten dan net better binne moat der yn it dies-wykein fan Bernlef wer in soad drank nuttige wurde om it baljen te ferjitten. Wy ha noch in pear punten nedich om hielendal frij fan degradaasjesoargen te wêzen. Dochs hat ús klupke wol 5 punten ôfsnobbe fan de Tukkers dy't ek dit jier wer op kampioenskoers binne. It kin dus wol!


03-04-2011 16:10:42



03-04-2011 19:06:48 || Klaas Yde

Joo Tokkie, moai datst wer wat ferhaaltsjes skriuwst. WOl in lelik lettertype fierders. Sjoch dy op myn ôfstudearborrel of de Dies!


Lit hjirûnder dyn reaksje efter:

Namme:
Eameladres:
Thússide:
Dyn kommintaar:
Thaeke Johannes Kuipers
Reklame (foar mysels)
De lêste kommintaren

This is a comment to the Thaeke syn tinzen admin.
19-03-2018 17:56:46
Ramona Jordan

This is a message to the Thaeke syn tinzen admin.
04-03-2018 17:44:09
Ramona Jordan

I came across your Thaeke syn tinzen website and w
03-03-2018 22:23:28
Ramona Jordan

I came to your Thaeke syn tinzen page and noticed
19-02-2018 20:17:55
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
13-02-2018 18:17:56
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
07-02-2018 20:23:26
Carla French

I am reaching out since we saw a link to your webs
01-02-2018 20:31:53
Carla French

Thaeke Johannes Kuipers
Buorren 29
9221 TB De Rottefalle

thaeke(at)thaeke.net
0512-341616
Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl