Thaeke syn tinzen

Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl

Webloch 1.0

Ein 1995 sette ik mei Thaeke syn ynternetmerke myn earste stapkes op it wrâldomfiemjende web. Dat wie doe noch mei in ienfâldige html side dy't op it lêst it formaat behangrôle waard. Earne healwei de jierren nul krige ik myn eigen domeinnamme www.thaeke.net en dêr waard doe it Pivot systeem op lansearre. Dat foldie gâns better want ik koe no op in ienfâldige wize al myn tinzen tafertrouwe oan de snelwei fan ienen en nullen. Doe't de Pivot te folle hackt waard bin ik oergien op Pivotx. Dat wurke al mei in mysql databank en dat wie op 'm sels al in hiele foarútgong. No't ek de Pivotx net alhiel frij bleaun is fan hackerij haw ik der foar keazen om hjir dan mar myn eigen systeem op los te litten. Webloch 1.0 is de earste fersje fan myn nije stikje sêftguod en ik sil jim fuort mar efkes teloar- as gerêststelle, dit sil net op hokker wize dan ek útbrocht wurde foar algemien gebrûk. Ik moat mysels der mei rêde kinne en foar de rest kin ik no at ik dêr nocht en ynspiraasje foar haw sels dingen taheakje dy't ik graach op myn lochje hawwe wol. Dêrmei bliuwt it in moai licht systeemke wat hooplik de Palestijnen der fan wjerhâlde sil om myn webside nei de Filistijnen te helpen. Jim meie wol efkes in reaksje jaan dan kin ik sjen oft it allegear wat wurket.


27-02-2011 20:53:17



28-02-2011 17:30:03 || Thaeke

Dit is efkes in lytse test om te sjen oft myn koekjes wurkje.


28-02-2011 17:39:19 || Thaeke

En dit is noch in lytse test


Lit hjirûnder dyn reaksje efter:

Namme:
Eameladres:
Thússide:
Dyn kommintaar:
Thaeke Johannes Kuipers
Reklame (foar mysels)
De lêste kommintaren

This is a comment to the Thaeke syn tinzen admin.
19-03-2018 17:56:46
Ramona Jordan

This is a message to the Thaeke syn tinzen admin.
04-03-2018 17:44:09
Ramona Jordan

I came across your Thaeke syn tinzen website and w
03-03-2018 22:23:28
Ramona Jordan

I came to your Thaeke syn tinzen page and noticed
19-02-2018 20:17:55
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
13-02-2018 18:17:56
Rebecca Sutton

I am reaching out since we saw a link to your webs
07-02-2018 20:23:26
Carla French

I am reaching out since we saw a link to your webs
01-02-2018 20:31:53
Carla French

Thaeke Johannes Kuipers
Buorren 29
9221 TB De Rottefalle

thaeke(at)thaeke.net
0512-341616
Wurd freon fan Thaeke op Hyves Wurd freon fan Thaeke op Facebook Folgje Thaeke op Twitter Thaeke syn linkedin profyl